hiemside  
   
gerben rypma  
Gerben Rypma
skilder, dichter en boere-arbeider

Boarne: © Tresoar, 12 maaie 2006

Libben en wurk
Gerben Rypma waard berne op 2 septimber 1878, op in pleats oan de Reidmar by Westhim, letter ferhuzen se nei de Sânfurterryp efter Greonterp. Hjir is er altyd wenjen bleaun. Trochdat syn heit kaam te ferstjerren doe't hy noch in jonge wie, ûntwikkele er in sterke bân mei syn mem. Sy soe de iennige frou yn syn libben bliuwe. Gerben Rypma kaam earst op himsels te wenjen, neidat syn mem 30 augustus 1917 ferstoarn wie. Yn in klinte dy't er sette liet oan de Aldegeaster Brekken, hat er wenne en buorke oant 'r yn 1939 mei in slimme longûntstekking nei it Sint Theresiagesticht fan Blauhûs brocht waard. It lange jierren allinne omheukerjen hie him minskeskou makke, hy begûn himsels en syn lyts keppeltsje fee te ferwaarleazgjen. De Zusters van de Voorzienigheid fan it Sint Theresiagesticht pasten goed op Rypma. Hy hat der noch hast 25 jier wenne, oant syn dea yn 1963.

Dichter en skilder
De earste fersen fan Gerben Rypma ferskynden yn de tydskriften Slucht en Rjucht en Forjit my net, yn it begjin fan de tweintichste ieu. Ek syn jongere broer Jehannes (1880-1948), folks-skriuwer en yn 1917 mei-oprjochter fan it Roomsk Frysk Boun, publisearre yn dy blêden. Neffens Jan Tjittes Piebenga yn syn ynlieding by Rypma's debútbondel, Reidsang : samm'le gedichten (1951), wie't it syn mem dy't him de wrâld fan de ferbylding ynlaat hie. Hy skreau: 'Ut har mûle fette er foar it earst 'de klanken fan 't Frysk swietlûdich widzeliet'. Bleau Jehannes altyd folksdichter, yn Gerben 'siet mear'. Gerben Rypma hie as dichter gjin pretinsjes, in soad fan syn wurk kin as folksaardich omskreaun wurde. Foaral de fersen, en inkelde stikken proaza, dy't er nei Slucht en Rjucht stjoerde, kinne dêrta rekkene wurde. Yn 1921 stiene syn lêste stikken yn dat blêd, dêrnei publisearre er syn fersen yn de tydskriften Fryslân, For Roomsk Fryslân en It Heitelân. Dat hat er dien oant it lêst fan de jierren tritich ta, dêrnei hat er him alhiel oan it skilderjen wijd.

Wie syn dichterlike wurk yn it begjin foaral anekdoatysk en moralisearjend, al gau liet er sjen dat er him dwaande hâlde mei de technyk fan it dichtsjen. Dat is benammen te merkbiten oan syn natoerpoëzij. Yn syn bylage by de twadde útjefte fan, Ik haw myn dreamen hân en fragen (1994), skreau Teije Brattinga: 'Rypma is dichter as er de natoer besjongt en ferslach docht fan syn persoanlike striid'. Yn dyselde ynlieding skriuwt Brattinga dat Jongfries Douwe Kalma him yn syn tiid net dúdlik útlitten hat oer de literêre kwaliteiten fan Rypma; yn Frisia (1919) seit er dat Rypma syn fersen faak in eigen lûd hawwe, mar dat er noch sykjende is. Piebenga en Brattinga binne beide fan betinken dat it wurk fan Rypma net altyd likegoed op wearde hifke is en dat it inkelde juwieltsjes befettet. De tematyk fan it wurk fan Rypma is beheind: yn syn fersen projektearret er de greate wrâld, it universum yn de kriten om de Brekken hinne. De wrakseling tusken goed en kwea, de moeting tusken God en minske, de gong fan de seizoenen en de op- en delgong fan sinne, moanne en stjerren, it raant gear mei de iensume striid fan de dichter yn syn klinte yn de ferlitten oarde tusken lân en wetter.
Rypma hat by syn libben allinne de útjefte fan syn earste bondel, Reidsang : samm'le gedichten, meimakke. De twadde, Ik haw myn dreamen hân en fragen, ferskynde yn 1965, twa jier nei syn ferstjerren yn 1963. De werútjefte fan dy bondel kaam yn 1994 út by de Koperative Utjowerij.

Skilder:
Gerben Rypma is op lettere leeftyd mei skilderjen begûn. Hûs- en keunstskilder Jaring Walta (berne 1887, heit fan Meinte Walta) trune him dêrta oan. Doe't er fyftich jier wie, krige er les fan Johan Mammen (1864-1922). Nei alle gedachten hawwe de skilders Bauke van der Sloot (berne 1908) en Ids Wiersma (1878-1965) him ek advisearre. Deselde sfear dy't syn fersen hiene, wie ek werom te finen yn syn skilderijen. Realistysk wurk mei in romantyske ûndertoan. Syn ûnderwerpen fûn er yn it lânskip om him hinne: wetter, pleatsen mei fee, en syn lettere spesjalisme Fryske kij en Fryske hynders. Hy skildere ek wol portretten, meastal fan minsken út syn omjouwing of fan bekende persoanen dy't er bewûndere, sa as inkelde skriuwers en politisi. Dy skildere er fan foto's ôf. Hy hat syn skilderijen nea foar mear as 35, - ferkocht. In opdracht dêr't him in soad jild foar bean waard, joech er werom.

Yn 2001 is yn Blauhûs de 'Stifting Gerben Rypma' oprjochte, dy't ta doel hat om de neilittenskip fan de skilder-dichter te bewarjen en syn neitins yn eare te halden. De Stifting hat simmer 2003 in útstalling mei skilderwurk, meast út priveebesit, organisearre yn Blauhûs. Ta gelegenheid fan dy útstalling, iepene troch Berber van der Geest, is der in cd ferskynd ûnder de titel: 'Oan 'e Brek in dei'. Dichter Tsjêbbe Hettinga draacht op de cd syn gedicht 'Oan 'e brek in dei' foar, dat er makke hat oer Gerben Rypma. Fierders wurde gedichten fan Rypma, op muzyk set troch Hille Faber, útfierd troch de muzykgroep De Doarmers.

List fan belangrykste wurk:
Poëzij:
1951 : Reidsang : samm'le gedichten
1965 : Ik haw myn dreamen hân en fragen (mei ynlieding fan Jan Tjittes Piebenga)
1994 : Ik haw myn dreamen hân en fragen, 2e printinge (mei ynlieding fan Teije Brattinga)

ferskaat:
1970 : Gerben Rypma (Het Witte Boekhuis)
2003 : Gerben Rypma tentoanstelling 2003 : akwarellen út neilittenskip fan Meinte Walta
   
© 2020
 
Gerben Rypma Stifting • v.d. Looswei 28, 8615 LX Blauhûs 0515 – 579476 • gerbenrypma@gmail.com