Skip to main content

Ferslaggen

Hjir fine jo ferslaggen fan ús aktiviteiten.

Ferhalen Fertellers

Freed 24 jannewaris 2020

Freed 24 jannewaris oan it ein fan de middei organisearre de Gerben Rypma Stifting wer in oerke Ferhalen Fertelle yn kafee de Freonskip.
Krekt as foargeande jierren fertelden doarpsgenoaten nijsgjirrige ferhalen ‘út it libben’. Mei sa’n 70 harkers en prachtige ferhalen wer in moaie ôfsluting fan de wike.

  • Johan van der Meer is mêstemakker en fertelde hoe’t ‘r troch boatsjefarre yn dit bysûndere berop bedarre is.
  • Tjitte Bouwhuis hat twa folksferhalen foardrûgen: oer it ferpartsjen. fan kij en in boer dy’t syn feint kwyt woe.
  • Magdalene Attema is liedingjaande yn soarchsintrum It Teatskehûs en fûn dêr ynspiraasje.
  • Skriuwer Willem Winters wie tegast en hat in ferhaal oer in Depressive Mol foardrûgen.
  • It ferhaal fan George Foekema gie oer syn passy: de wenwein en oldtimer, fan hobby nei fekânsjewille.
  • Gerben Rypma bestjoerslid Ida Feenstra makke it oerke fol mei in ferhaal oer in boer en in boerinne mei in bysûndere namme

Ferhalen Fertelle, ek wol Winterjûnenocht neamd, wie yn Blauhús in iuw lyn ek al tradysje. As dan de bruorren Jehannes en Gerben Rypma of koster Yde Bleeker optreedden, wie it altyd folle bak yn it kafee.

Dizze tradysje ha we no fuortsetten, in oerke en dan is it wer dien. By it romsitten kamen mear sterke ferhalen los.

Foto’s: Ferhalen fertellers