hiemside  
   
ferslaggen  
Ferhalen Fertellers
Freed 24 jannewaris 2020

Freed 24 jannewaris oan it ein fan de middei organisearre de Gerben Rypma Stifting wer in oerke Ferhalen Fertelle yn kafee de Freonskip.
Krekt as foargeande jierren fertelden doarpsgenoaten nijsgjirrige ferhalen 'út it libben'. Mei sa'n 70 harkers en prachtige ferhalen wer in moaie ôfsluting fan de wike.

. Johan van der Meer is mêstemakker en fertelde hoe't 'r troch   boatsjefarre yn dit bysûndere berop bedarre is.
. Tjitte Bouwhuis hat twa folksferhalen foardrûgen: oer it
  ferpartsjen. fan kij en in boer dy't syn feint kwyt woe.
. Magdalene Attema is liedingjaande yn soarchsintrum It Teatskehûs   en fûn dêr ynspiraasje.
. Skriuwer Willem Winters wie tegast en hat in ferhaal oer in   Depressive Mol foardrûgen.
. en it ferhaal fan George Foekema gie oer syn passy: de wenwein   en oldtimer, fan hobby nei fekânsjewille.
. Gerben Rypma bestjoerslid Ida Feenstra makke it oerke fol mei in
  ferhaal oer in boer en in boerinne mei in bysûndere namme

Ferhalen Fertelle, ek wol Winterjûnenocht neamd, wie yn Blauhús in iuw lyn ek al tradysje. As dan de bruorren Jehannes en Gerben Rypma of koster Yde Bleeker optreedden, wie it altyd folle bak yn it kafee.

Dizze tradysje ha we no fuortsetten, in oerke en dan is it wer dien. By it romsitten kamen mear sterke ferhalen los.

Klik hjir foar de foto's

   
© 2020
 
Gerben Rypma Stifting • v.d. Looswei 28, 8615 LX Blauhûs 0515 – 579476 • gerbenrypma@home.nl