| |
|
|
 |
Doel fan de Stifting
De stifting hat ta doel it skilder-, teken- en skriuwwurk fan Gerben Rypma (1878 – 1963) te ynventarisearjen, te bewarjen en út te stallen wêr mooglik. Ek sil der jierliks in kultureel barren organisearre wurde.
Nijsbrief
Ienris yn it jier krije jo as freon/stiper ús Nijsbrief. Hjiryn steane ferslaggen fan ús aktiviteiten, beskriuwings fan keunsttetoanstellings om ús hinne. Pasjende gedichten/siedkerlen fan GR fleurje de tekst op.
Fansels ha de oankundigings fan ús aktiviteiten en tetoanstellings hjir ek in plakje.
Besittingen Gerben Rypma Stifting
• Boeken ‘Ik haw myn dreamen hawn en fragen' fersen fan Gerben Rypma (noch in pear te
keap). Earste printinge 1965 mei ynlieding fan Jan Tjittes Piebenga. Twadde printinge 1994 mei ynlieding fan Teije Brattinga
• Skilderij ‘skûtsjes' ( 80x50cm), restaurearre 2002.
• Akwarel mei kij (25x25)
• 4 Skilderijen Kij tsjerke en skûtsjes krigen fan in Kanadeeske emigrant
• Tekst ‘ Oan de Brek in Dei' , fan Tsjêbbe Hettinga.
• Skripsje ‘de bruorren Johannes en Gerben Rypma' troch Liskje Flapper
• Klisjees fan tekenwurk
• en in rom argyf mei ferskaat |
|
|