| |
|
|
 |
Hjirby in tal gedichten fan Gerben Rypma.
Mistjoun
Yn grize jountiidsdize wynt it span
Fen ploeijen,oer it boulân, stil en keal.
In unbiline hynder,ploege en man.
In byld fen skaed allyk,toraend en feal.
De dizge weagen wâlje oer t drôve lân
En dûnkre wezens moete elkoar.
Yn dining nei it unbieachber strân
En wirde wei yn mistdún,flokkich goar.
En alles riist en dûkt,oant raend en slinkt
Fen jimmer tinend wolkenmar oertein-
En oan de fiere ûnsichtbre kimen klinkt
De skrille needgjalp fen‘e jountiids trein.
G.R.
Libbenstriid
Yn ûnrêst is de doarmer bjuster rekke
De wei nei't ljocht-hy siket iensum roun.
Hwat ienkear wiere leafde oan't herte boun
Yn bernewrâld, dat kin gjin tiid forbrekke.
Hy moast by 't sinken fan'e jeugd forlitte
Hwat oan syn moed in dûrjend oantins skonk.
Him wiuw de bylden fan it âlderlike honk,
Tsjûcht hy yn dream de wrâld syn lok tomjitte.
It libben sil as straf syn dieden driuwe
As ûnk en seine bliuwt wreed en tear
Hwat fieling troch de siele trillet fan alear.
In martling kwelt yn't strymjen fan'e tiid
En't hert fiert yn it jeugdeoard syn striid:
-‘t Kin der net wei, en't kin der ek net bliuwe!
G.R.
Haeilan
Fan edle kreften fol wol iversucht bitwinge
It great gefaer fen rest en neatich sluge slom.
Wol oan de minskheid help,oan ierde wolfeart bringe
En kriget lean nei wirk yn ear en tank werom.
De simmer kaem om help dy heg re wil te bieden,
En rop syn tsjinners gear op lange swiere dei,
Yn t wyntsje rust syn stim,syn wjukslach oer e mieden,
En dielt yn t sinnegoud syn greate skatten mei.
En minskekreft wirdt stielle yn gloed fen simmersinne
Yn t feestglans trillet hiel it warber,waerme gea.
De berntsjes geije bliid en boartsje yn t neiwoan hea....
d Ald bodder knibbelt stram op feale stoppergroun
Rest efkes-op e wei nei libbens simmerjoun...........
-Oer t haeilan driuwt de geur fan t stjerrend libben hinne.
G.R. (Fryslan 1906)
Forlern
Nou rêstich leit myn libbensé
Yn trienenblink oer stille weagen.
En ûnk en lok en wille en wé
Yn tiidne streamen hinneteagen.
De needrop fen it jonge hert
Skriemt oer it swijend wetter hinne.
Forstiet it andert fen' e smert
Oan earme takomstigge allinne.
En djipforsonken yn de floed
Leit libbens lêste blide noed.
Dy' t unforgeanber hjitte.
Mar strûsde wyld yn wyn en skom,
Yn' t wrakseljen tsjin gefaer rounom
De ûndergong tomjitte.
G.R. |
|
|