hiemside  
   
ferslaggen  
Hjir fine jo ferslaggen fan ús aktiviteiten.

Gerben Rypma Praatmoarn Teatskehûs
Moandei 14 novimber 2016
Klik hjir foar ferslach.
Klik hjir foar Artikel Friesch Dagblad.

Gerben Rypma by Obe Postmapriis 2016
Freed 4 novimber is it portret dat Gerben Rypma fan Obe Postma skildere offisjeel oerdroegen oan Tresoar. Oanslutend is de Obe Postmapriis 2016 útrikt oan skriuwer/oersetter Geart Tigchelaar, foar syn oersetting Erik of it lyts ynsekteboek, skreaun troch Godfried Bomans.


Foto Portret Obe Postma.

- Taspraak Gerben Rypma Stifting Klik hjir.
- Ynformaaasje oer de priiswinner klik hjir.

Oerdracht Portret en Utrikking Obe Postmapriis 2016 oan Geart Tigchelaar
Klik hjir foar de foto's.


Kulturele Kuiertocht
Sneon 29 oktober 2016
Us jierlikse Kulturele Kuiertocht is wer hiel goed slagge. Mei in sa'n 100 leafhawwers fan natuer en kultuer. Moai rûte Aldegea-Skriezekrite-Idzegea.

- Klik hjir foar foto's.
- Skiednis fan it Joadsk Tsjerkhôf. Klik hjir foar de bylage.
- Klik hjir foar ferslach.


Midsimmerjûn
Sneon 18 juny 2016
Sneon 18 juny 2016 belibben we wer in bysûnder MidsimmerJûn, ditkear op Idzegea. Mei de dichters Elske Kampen, Lans Stroeve en Abe de Vries en Strykkwartet Regina Forte.
Lês it ferslach, twa fraaie gedichten as reaksje en de spyllist fan Regina Forte.

'De wrâld is feroare' reaksje fan in besiter.
Jûn ha wij yn Idzega fan Eppie Dam.
Midsimmerjoun by it Klokhús ferslach troch JPD.
Oersicht programma Strykkwartet fan Regina Forte.

  
Rypma Revue
Sneon 19 maart
Spektakulêre Rypma Revue Sneon 19 maart siet de grutte seal fan kafee de Freonskip grôtfol by de 1e Rypma Revue. Op it poadium stienen talintfolle artiesten mei Rypma's-bloed en yn de seal famylje en fans. Der wie in grut ferskaat oan ferrassende optredens, mei 'een lach en een traan'.
Nei de Revue treedde de Johnny Cash Tribute Band 'Boy's named Sue' op, mei gitarist Bokke Rijpma. Organisaasje: Famylje Rypma & Gerben Rypma Stifting

Klik hjir foar foto's.

 

   
© 2012
 
Gerben Rypma Stifting • v.d. Looswei 28, 8615 LX Blauhûs 0515 – 579476 • gerbenrypma@home.nl