hiemsidelinkskontakt  
   
aktiviteiten  
Hjir fine jo ús aktiviteiten.

2012

2 maart   ‘De rykdom fan ús Lânskip'
Sprekker Jan Tijsma
19.45 oere Kafee De Freonskip Blauhûs

Freed 2 maart 2012 organisearret de Gerben Rypma Stifting in jûn oer Nasjonaal Lânskip Súdwest – Fryslân. Sprekker is Jan Tijsma fan Aldemardum. Natuerman en fotograaf Tijsma en hat in protte kennis fan dit gebied. Syn lêzing wurdt ôfwikselje mei foto's en in film.

Us Kulturele Kuiertocht gie yn oktober 2011 troch it gebied tusken Blauhûs en Easthim. Dit gebied hat ek in rike histoarje. At der 2 maart romte is, sille we hjir ek oandacht oan bestede. De útnoegings wurde yn febrewaris ferstjoerd, oanmelde kin no al fia gerbenrypma@home.nl .
Oanfang 19.45 oere, kafee De Freonskip Blauhûs

Hjirre fiene jo is oanmeldformulier.


7 maart   Bitgum
Hjir sille ‘Siswizen' fan Gerben Rypma songen wurde.

Letter mear ynformaasje.



We hawwe wer fan alles by it ein.

Plannen 2012
We briede noch op:
- In jûn oer arsjitektuer
- Filmjûn foar de Jongerein
- Projeksje fan gedichten
- Besite museum
- Rûte foar de kuiertocht fan oktober 2012

Nij boerd oan it Brekkepaad
De gemeente set in hagelnij ynformaasjeboerd oer Gerben Rypma oan it Brekkepaad. It âlde wie hielendal tenein.


Oant sjen by ús aktiviteiten. Bestjoer Gerben Rypma Stifting: Bauke Hobma, Zus Rijpma, Marije Kooistra, Hille Faber, Sicco Rypma

 

   
Dizze side is boud troch WowyMedia © 2007
 
Gerben Rypma Stifting • v.d. Looswei 28, 8615 LX Blauhûs 0515 – 579476 • gerbenrypma@home.nl