Blauwhúster Tsjerketoer dekôr
Nasjonale Gedichtedei
Tongersdei 26 jannewaris
Mei de Nasjonale Gedichtedei fan tongersdei 26 jannewaris waard jûns yn Blauhûs in strofe út it gedicht ‘Jannewaris' en oar wurk fan dichter, skilder Gerben Rypma (1878 – 1963) op de 45 meter hege Blauhúster tsjerketoer projektearre.
De teksten binne yn de fiere omkriten te sjen. It gedicht Jannewaris is foar it earst publisearre yn 1908 yn ‘Sljucht en Rjucht'. It bestjoer fan de Gerben Rypma Stifting hat foar dit gedicht keazen omdat it noch altyd tige aktueel is.
Jannewaris (2e part)
't Is my sa kâld om 't hert en bang,
Al seach en hearde ik jitte lang
De leave blom, de fûgelsang,
Mei fieling sjoen en wol forstien,
Yn finnen, mieden fris en grien,
Yn loften klear as edelstien.......
Dat yn dizz' wrâld fan iis en snie
Wer libben komt, sa't ienkear wie.
Klik hjirre foar it stik yn de Leeuwarder Courant fan 27 jannewaris.
Nacht fan de Nacht
Sneon 29 oktober 2011
Der kamen hiel ferskillende reaksjes op de fotopresintaasje fan de fjouwer eleminten – fjoer, wetter, ierde en lucht – yn de kom fan Blauhűs mei ‘de Nacht fan de Nacht’.
By it Teatskehús dienen guon nijsgjirrige bewenners de Frânske balkondoaren iepen.
It langsfytsend publyk ropte ‘moai’ en ‘hé moast ris sjen’ oant ‘wat hat dat foar sin’ of 'wolle jimme der popcorn by?'.
Al mei al in goed slagge aktiviteit, wurdt ferfolge!
Sneon 15 oktober azemet it gea fan Gerben Rypma, silger, de dichter, skilder, koumelker út 'e Sanfurterryp, de dampige swietrook fan in oeribel moaie hjerstdei. De flaggen oan de gevel fan kafee ‘de Freonskip' yn Blauhûs litte mar kwalik sjen út hokfoar hoeke de wyn waeit...
Lês hjirre it ferslach hielendal.
Filmke Kuiertocht (opnames Jan Reus).
Flaemsk-Fryske midsimmerjoun yn Sânfurd Sneon 8 juny 2011
“Sneon 18 juny, in stevige wyn jage wylde wolkenloften oer it Sanfurter hop. In bytsje ûnlijich. Harkjend nei dy rûziche wynpûsters sieten de lju yn it smûke tsjerkje fan Sânfurd to wachtsjen op de dingen dy ’t komme soenen. Yn it ramt fan de nou al hast tradysjoneel to neamen Midsimmerjoun hie de organisaesje, de Gerben Rypma Stifting, it tsjerkje ôfhierd om in tal pommeranten út de wrâld fan de literatuer en de muzyk oer it fuotljocht to heljen.
Lês hjirre it ferslach hielendal.
Klik hjir foar mear foto's.
Nijsgjirrige forhalen fan in skûtsjeskipper Freed 25 febrewaris 2011
“Wichtich fyn ik it om de kennis oer it skippersbistean fan ear-tiids to biwarjen. Dat bisykje ik to dwaen troch itjinge ik fan myn heit leard ha troch to jaen oan de folgjende generaesje”. Dat wie ta bislút wol de kearn fan de lêzing fan Johannes Hobma, leat út it skipperslaech Hobma, to witten pake Folkert...
Gerben Rypma Stifting daget jong talint út Snein 30 jannewari 2011
Snein 30 jannewaris wie it drok yn it Atrium fan it Teatskehús fan Blauhûs. Jong en âld koene genietsjen fan jong talint út eigen omjouwing.
In dik oere lang wie der in ôfwikseljend program fan toaniel, sang, dûns en muzyk.
De Gerben Rypma Stifting siket it mei kulturele aktiviteiten altyd ticht by hûs en rjochte him dit kear spesjaal op de pleatslike talintfolle jongerein.
It Krieltoaniel, in groep jongerein dy’t op sneontejûn byinoar komt om toaniel te spyljen, kaam mei 2 goed slagge ymprovisaasjestikken en mei de bekende Sisteract op de planken.
Studint sjoernalistyk Anke Landman fertelde oer har fotografy en liet skitterjende foto’s sjen. Ek hiel nijsgjirrich wie it ferhaal fan Baukje Rypma oer har modellewurk; mei namme de foar- en neidielen fan it fak Model kaam oan de oarder. Se liet skitterjende foto’s sjen wêr’t se glossy opstiet en hast ûnwerkenber wie troch alle make-up en kapsels yn allerhanne stilen.
Wout Zijlstra jr. die in demonstraasje kûgelstjitten. Gelokkich waarden de kûgels opfongen troch syn heit. Der wie ek in prachtich saksofoanoptreden fan mem en dochter Rennie en Maaike de Jager. De famylje Nieboer wie goed fertsjinwurdige, Symke en Tine songen de stjerren fan de himel en suster Wytske dûnse op klassike muzyk.
En as ôfslúter kamen Wietske van der Tol mei har partner Tim nei foaren mei akrobatyske keunsten. Se binne Nederlânsk kampioen acrogym en dat koene je wol sjen. It spatte der fan ôf!
Foar dizze talinteshow hoegden we dit kear net foar de televyzje te sitten. Alle rom 100 besikers sieten ‘live’ yn de útstjoering. De Gerben Rypma Stifting fan Blauhûs sjocht werom nei in tige slagge middei.
Symke Nieboer sjongt ‘You’ll be in my heart’
Dochter en mem, Maaike en Rennie de Jager op saksofoan
Kulturele Kuiertocht Sneon 6 novimber 2010 Hjir in link nei in film fan de Kuiertocht 2010.
Reve Rêve Greonterp Snein 13 desimber 2009
Sneintemiddei 13 desimber. In gastfrije ûntfangst yn de pastorij foar de meiwurkers. Trije oere, in grôtfolle tsjerke. Alle 425 sitplakken beset, ekstra stuollen yn de sydbeuken. De buorren fol auto’s.
De iepening fan pastoar van Ulden twingt respekt ôf.
Dan binne der gedichten, foardrachten, lieten, in ynterview, humor, alle talen wurde sprutsen, Frysk Nederlânsk Tukkers Latyn,
it haadalter fraai ferljochte, jong talint sjongt en dûnset. Herman Finkers en Gerrit Breteler sjonge in duet. Applaus.
Hast fiif oere, it is alwer foarby. Hester tanket alle meiwurkers en dielt Vitus kearsen út.
Dan nei de Freonskip, hjir is sigeuner – muzyk en kinne we noflik romsitte.
Mei ‘Reve Rêve Greonterp’ betochten we de jierdei fan folksskriuwer Gerard Reve (1923-2006) dy’t ‘syn moaiste jierren yn Greonterp wenne’ en op dizze wize wer efkes werom kaam.
De organisaasje; Hester Witteveen, Gerrit Breteler en út namme fan de Gerben Rypma Stifting Hille Faber en Sicco Rypma
Hjirby enkele links nei ferslaggen, in filmke en foto's.
Ferslach Kultureel Kuijertocht Sneon 3 october 2009
De Kot, Westhim, it moaiste, smûkste keamerkafé fan ús provinsje AD 1904. Hjir skowe sneon 3 october fan likernôch healwei ienen ôf de earste dielnimmers oan de kulturele kuijertocht fan de warbere Gerben Rypma Stifting troch de doar...
Ferslach Midsimmerjoun 2009 Freed 26 juny 2009
Al wer in pear dagen nei 't it sinneljocht dit jier op syn langst oer ús gea skynde, klonken op it kampke lân njonken it Hop mei it lytse smûke tsjerkje fan Sânfurd op 'e eftergroun sêft mar dúdlik de klanken fan sigeunerorkest Zingari. Dizze tûke formaesje wie ynhierd om de muzikale kant fan de Midsimmerjoun, -nacht, hwant der roun it op út, stal to jaen...
De Doarmers - Frijgesel, live yn Noardewyn 24 juny 2009
The Doarmers spylje ‘Frijgesel' live yn Noardewyn.
Muzyk: The Doarmers
Tekst: Gerben Rypma
Jûn mei Bartle Laverman Freed 29 febrewaris 2009
It kafee “de Kot” yn Westhim, deunby Blauhûs, is sa ienris yn it jier, (diskear 29 febrewaris) it “húske fan hâld-oan” foar it bistjûr en de stipers fan de Gerben Rypma Stifting. Foar hwa't net hielendal mei de Stifting op 'e hichte is: it doel is om libben en wurk fan de dichter/skilder Gerben Rypma, silger, yn oantinken to hâlden en dêr sa no en dan publisiteit oan to jaen. It niisneamde kafee is it plak dêr 't de tradisjonele winterlêzing fan it selskip hâlden wurdt...
Kulturele kuijertocht Gerben Rypma Stifting Sneon 20 septimber setten yn Blauhûs mei de sinne op reis nei it westen de goed tachtich dielnimmers oan de Kulturele kuijertocht fan de Gerben Rypma Stifting útein, de âlde Himdyk út rjochting Jonkershuzen – in buorskip tusken Blauhûs en Tsjerkwert, dêr't it saneamde postpaed bigjint...
Nacht fan de Nacht: kuijertocht yn en om Blauhûs
Sneon 27 oktober 2007
De tradysjonele jierlikse kulturele kuijertocht fan de Stifting Gerben Rypma wie troch it warbere bistjûr foar sneon 27 okotober op de kalinder pleatst. Miskien wie it pûr tafal, mar dyselde datum wie troch de Provinciale Milieufederaties útkard om de oerhearsking, faeks wol de terreur, fan it Ljocht oan de oarder to stellen yn de “Nacht van de Nacht”. Dizze nacht ommers moasten wy de klok wer in ûre tobek sette, de wintertiid wie oan bar en dat leveret dan ienris yn it jier in langere nacht op.
Nijsgjirrige “bikentenissen” fan in etser yn kafé “de Kot”
Freed 23 febrewaris 2007
It warbere bistjûr fan de Gerben Rypma Stifting wie der yn slagge om freed-to-joun 23 febr. k.l. kunstner Reinder Homan foar it buordsje to krijen mei in foardracht oer syn tûke fan “sport”, it etsen. Dat barren foun plak yn it forneamde kafé “de Kot” yn Wetshim. Dêr wie, die bliken, aerdich flecht op'e koai. Gau siet it smûke keamerkafé – of moat' jo sizze kafékeamer – groatfol. By de doar stie dan ek in boerd mei de tekst “útforkocht”!